Eilannen tsjin besunigings OV

© Omrop Fryslân
De besunigings op it iepenbier ferfier yn Fryslân hawwe grutte gefolgen foar de Fryske waadeilannen. It busferfier dêr wurdt no noch foar 60% subsideard, mar dat giet mooglik nei 50%. Op de eilannen betsjut dat dat buslinen skrast wurde moatte en sjauffeurs dien krije.
De eilannen freegje deputearre Baas om in útsûnderingsposysje as it giet om de foarstelde besunigings op it iepenbier ferfier.