Bedriging tankstasjon Harns

08 mrt 2006 - 21:47

In maskere man hat tiisdei besocht in tankstasjon yn Harns te berôvjen. Hy bedrige flak nei slutingstiid de 19-jierrige meiwurkster fan de pomp mei in mes. De frou wurke net mei doe't de man yn min Nederlânsk jild easke.

Doe't de frou de oerfaller begûn te skoppen en te slaan, stuts de man har mei in mes yn 't boarst. Nei in pear minuten kaam in man de winkel fan it tankstation yn rinnen. Dêr skrok de oerfaller sa fan dat er útnaaide.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)