Sjongfestival foar bern wer los

08 mrt 2006 - 15:09

Mar leafst 24 basisskoallen dogge dit jier mei oan trije foarrondes fan it Fryske sjongfestival foar bern. De bêste skoallen fan dy foarrondes dogge op 31 maart mei oan de finale yn De Lawei yn Drachten. De skoallen stride om de Karin de Jong-priis. De winner fan it sjongfestival foar bern mei ek optrede op it Fryske sjongfestival Liet yn De Harmonie yn Ljouwert yn oktober.

De finale fan it sjongfestival wurdt presintearre troch Sipke Jan Bousema.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)