Ekstra jild foar jeugdsoarch

© Omrop Fryslân
De provinsje stekt dit jier hast fiif miljoen euro ekstra yn de jeugdsoarch. Dat jild moat benammen brûkt wurde foar it fuortwurkjen fan de wachtlisten. Der sil ek ekstra jild stutsen wurde yn it projekt 'Jong in Fryslân'.
Dat projekt moat soargje foar in bettere oansluting tusken ynstânsjes dy't wurkje yn de jeugdsoarch. Dat moat foarkomme dat jongeren samar de finzenis yn gean. Yn plak dêrfan soene se alternative straffen krije kinne.