Advysplatfoarm soarch yn Fryslân

08 mrt 2006 - 15:03

Fryslân krijt as it oan Deputearre Steaten leit in provinsjaal oerlis en advysplatfoarm soarch. Yn dat platfoarm kinne guon partijen dy't belutsen binne by de soarchsektor, ôfspraken meitsje oer it oplossen fan problemen yn de soarch.

De provinsje hat dêr de kommende fjouwer jier 4 miljoen euro foar oer. Foar de gemiddelde Fries moat de soarch sa better te krijen wêze. Dat kin ûnder oare troch it better brûken fan ICT.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)