Tibetaanske flagge yn Stiens

© Omrop Fryslân
De flagge fan Tibet sil op 10 maart op it gemeentehûs fan Ljouwerteradiel yn Stiens wapperje. Dêrmei wol de gemeenteried syn solidariteit toane mei it Tibetaanske folk.
Op 10 maart wurdt oer de hiele wrâld de folksopstân yn Tibet yn 1959 tsjin de Sineeske besetting betocht. Dêr kamen tûzenen Tibetanen by om it libben en de geastlik lieder Dalai Lama moast flechtsje. De aksje is in inisjatyf fan de VVD-fraksje yn Ljouwerteradiel.