Grutte winst PvdA yn H'fean

© Omrop Fryslân
De PvdA hat yn de gemeente Hearrenfean in grutte klapper makke. De partij gie fan 7 nei 12 sitten en is no fierwei de grutste partij op it Hearrenfean. Leefbaar Hearrenfean hâldt mar twa fan de fiif sitten oer. CDA en VVD geane fan 5 nei 4. Grien Links en FNP bliuwe gelyk op respektivelyk twa sitten en ien sit.
De ChristenUnie wint in sit en giet fan 1 nei 2. D66 ferdwynt út de ried fan Hearrenfean.