Aaisykjen foar rjochter

08 mrt 2006 - 11:16

It is woansdei in spannende dei foar de ljipaaisikers. Se binne oproppen om manmachtich nei Ljouwert te kommen foar it koart pleit oer de ûntheffing dy't de provinsje ôfjûn hat. Faunabeskerming hat dat koart pleit oanfrege by de bestjoersrjochter.

De provinsje stiet ljipaaisykjen tusken 1 maart en 1 april ta, mar der meie net mear as 15 aaien meinaam wurde. Fauna- beskerming wol dat de provinsje it ljipaaisykjen wer ferbied.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)