Eaststellingwerf: GemBel wint

© Omrop Fryslân
Ooststellingwerfs Belang is de grutte winner wurden fan de ferkiezings yn de gemeente Eaststellingwerf. De partij komt nij mei fjouwer sitten yn de ried. De PvdA wûn ien sit en is no mei 8 sitten de grutste partij yn de ried.
It CDA ferlear twa sitten en gie fan 6 nei 4. De VVD ferlear ek in sit en hat der no trije. GrienLinks gie fan twa nei ien sit. De ChristenUnie is stabyl mei ien sit. D66 ferdwynt út de ried fan Eaststellingwerf.