PvdA ek yn Fryslân grutte winner

© Omrop Fryslân
De PvdA is ek yn Fryslân de grutte winner fan de gemeenteriedsferkiezings. De grutte winner fan fjouwer jier lyn, de ferskate Gemeentebelangen, hawwe fiks ferlern. Sy hâlde minder as de helte fan har sitten oer. Ek it CDA en de VVD moatte ferlies ynkassearje.
Noch slimmer is it lot fan D66: dy partij ferdwynt folslein út de Fryske gemeentepolityk. De FNP wint sitten. Sy geane yn Fryslân fan 50 nei 54. Ek de SP krijt der fjouwer by en komt op 10.