Dongeradiel: CDA bliuwt grutste

08 mrt 2006 - 08:54

It CDA bliuwt de grutste partij yn Dongeradiel, mar ferlear wol twa sitten. It CDA hat no sân sitten yn de ried. De PvdA wûn trije sitten yn de ried en is no mei fiif sitten de twadde partij. De FNP wie de twadde winner yn de gemeente. De FNP ferdûbele it tal sitten en gie fan twa nei fjouwer.

Algemien Belang Dongeradiel ferlear ien sit en gie fan trije nei twa. ChristenUnie(2) en VVD(1) bleaune gelyk yn Dongeradiel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)