Oanhâlding foar drugshannel

07 mrt 2006 - 21:45

De plysje hat fjouwer minsken oanhâlden yn ferbân mei drugshannel op Skylge. In man út Harns (36), in man (24) en twa froulju fan 20 fan Skylge wurde derfan fertocht drugs ferkocht te hawwen op it eilân. De Harnzer soe de drugs levere hawwe oan de Skylger. De froulju wiene tuskenpersoanen.

De beide manlju sitte noch fêst, de twa froulju binne yntusken wer frij. De fertochte út Harns wurdt dizze wike foarlaat oan de rjochter-kommissaris.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)