Utslaggen it earst by de omrop

07 mrt 2006 - 21:30

Omrop Fryslân jout tiisdeitejûn in soad omtinken oan de útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezings. Op tv begjint it ferkiezingsprogramma om 21.15 oere nei it nijs fan Hjoed. Yn dit programma fansels in soad útslaggen en reaksjes fan de Fryske keamerleden Algra (CDA), Huizinga (ChrU) en Tigchelaar (PvdA).

It ferkiezingsprogramma op 'e radio begjint om 18.30 oere en giet yn alle gefallen troch oant 23.00. De útslaggen komme ek op ynternet en teletekst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)