Nije saaklik direkteur Oerol

07 mrt 2006 - 20:43

Janneke Staarink is per ien maaie de nije saaklik direkteur fan it Oerol- festival op Skylge. Se hat de lêste jierren wurke by produksjemaatskippij IdtV. Dêr wie se û.o. ferantwurdlik foar de televyzjeproduksjes fan de Uitmarkt en de Edison Music Awards.

Staarink sille tegearre mei oprjochter en artistyk direkteur Joop Mulder de direksje fiere oer it festival. It bestjoer wol profesjoneler wurkje troch de komst fan de nije saaklik direkteur.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)