Talant biedt wurkplakken yn Arum

07 mrt 2006 - 19:51

Soarchynstelling Talant giet yn see mei it partikuliere deibestegingssintrum De Blije Vogel yn Arum. Dêr kinne minsken mei in ferstanlike beheining passend wurk fine.

Talant pleatst tolve fan har minsken yn Arum. By de Blije Vogel kinne sy oan it wurk yn it kleanatelier en by it nij winkeltsje foar twaddehâns berneklean. Ek kinne se kreatyf oan de gong. Talant wol op dizze wize op mear plakken yn de regio in wurkplak biede.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)