Buorkje op âlde pleats is dreech

07 mrt 2006 - 19:22
Foto: Omrop Fryslân

Modern buorkje op in histoaryske Fryske pleats is tsjintwurdich hast net mear te dwaan. Dat die bliken op in sympoasium yn Ljouwert. Histoaryske pleatsen ferdwine yn rap tempo, sa'n hûndert yn it jier yn Fryslân.

Noch mar de helte fan 'e 9000 histoaryske Fryske pleatsen hat in agraryske bestimming. Grutste obstakel binne de kosten om it karakter fan de pleatsen te behâlden, en op in moderne wize bisten te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)