Gearwurking op De Swadde

© Omrop Fryslân
Undernimmers op bedriuweterrein De Swadde yn Bûtenpost wolle saken mienskiplik oanpakke. Op dit stuit ynventarisearret in wurkgroep hoe't dat syn beslach krije kin. As ien fan de mooglikheden wurdt de ôffier fan ôffal sjoen. Doel fan de gearwurking is kosten besparje.
Op De Swadde sitte in fyftich bedriuwen. Mooglik wurdt de gearwurking mei bedriuwen ek útwreide nei oare doarpen yn de gemeente Achtkarspelen.