Stimtinte Snits is in útkomst

07 mrt 2006 - 19:17

Ynwenners fan Snits koene tiisdei foar it earst by elk stimburo yn de gemeente telâne. Mei help fan de stimpas koene se sels yn in spesjaal derfoar opsetten tinte stimme. De tinte stiet op it stasjon en is bedoeld om dy minsken nei de stimbus te heljen dy't oars troch tiidgebrek net stimme.

No koene se noch hurd efkens de partytinte ynrinne foardat se bygelyks de trein yn moasten. Foar in soad minsken in útkomst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)