Fryske opkomst gelyk oan lanlike

07 mrt 2006 - 17:45

Yn Fryslân gie de opkomst foar de gemeenteriedsferkiezing om 12 oere aardich gelykop mei de lanlike sifers. Yn de measte gemeenten lei it persintaazje om de tsien prosint hinne. Op Skiermûntseach hie lykwols mear as 40% stimd. Lanlik giet it eilân oan kop. Yn Ljouwert lei it sifer yn fergelyk mei fjouwer jier ferlyn in stik heger. Menameradiel siet mei 12% boppe it lanlike trochsneed. Yn 2002 kaam de lanlike opkomst úteinlik út op 58%.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)