Skeel oer útdjipjen feart

07 mrt 2006 - 17:45

Wetterskipsbestjoerder Tjalling van Eysinga wurdt troch twa partijen der fan beskuldige dat hy in feart yllegaal útdjippe hat by Sint Nyk. It giet dan om de ôfdieling Miljeu fan de provinsje en partikuliere grûneigner Wiebe Landman. Landman klaimt dat syn lân skea oprûn hat troch it útdjipjen fan de feart.

Mar Van Eysinga ûntkent mei klam dat hy hjirby belutsen is en seit fan neat te witten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)