Stimmasines wurkje goed

© Omrop Fryslân
De ferkiezings binne tiisdei sûnder grutte technyske problemen begûn. Dat meldt it bedriuw Nedap, dat it grutste part fan de stimmasines leveret. Der kin stimd wurde fan healwei achten moarns oant njoggen oere jûns.
Yn Hoarnstersweach is in stimburo yn de iepenbiere skoalle min berikber. Dat komt om't de Skoatterlânske dyk dêr derút leit. De gemeente is frege om twa dagen letter te begjinnen mei it strjitliswurk, mar dat is net bard.