Skoalbern stimme fêst

07 mrt 2006 - 16:32

In dei foar de riedsferkiezings koene learlingen fan it fuortset ûnderwiis moandei al harren stim útbringe. Bern kinne sa yn 'e kunde komme mei de polityk. Op de webside dêr't stimd wurde koe, wie it lykwols sa drok dat dy der in skoft út lei.

Ien fan de Fryske skoallen dy't meidie, wie it Dockingakolleezje. Yn de lessen maatskippijlear krigen de skoalbern de stânpunten fan de lokale partijen op in rige om sa har kar meitsje te kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)