Haadrol foar sopraan Zomer

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter sopraan Jannie Zomer sjongt moandeitejûn de haadrol by de premjêre fan de ferneamde opera Cavalleria Rusticana. Dy wurdt opfierd yn it Muzykteater yn Amsterdam troch De Nederlandse Opera. Zomer nimt de rol op it lêste momint oer fan Carol Vaness. Dy is dêr noch net klear foar.
De opera duorret yn totaal 70 minuten. Nei moandei wurdt Zomer fierder ynwurke yn de produksje. Mooglik sil sy faker de haadrol dwaan.