Stipe foar topfoljebal Snits

© Omrop Fryslân
Der is goeie hoop dat it topfoljebal foar Snits behâlden bliuwt. De foljebalferiening hie de needkolk let: der moast op koarte termyn 50.000 euro op it kleed komme, oars wie it dien mei de topsport yn Snits.
Op in gearkomste mei mooglike sponsors is moandei fan it nedige bedrach al 25 persint tasein. Dy tasizzings meitsje dat Onno Yntema, de foarsitter fan de Stifting Topvolleybal Snits, optimistysk is oer de takomst.