Skiep fersoargje Snitser park

07 mrt 2006 - 10:21

De gemeente Snits set 250 skiep yn foar it byhâlden fan it grien yn de wyk Dúnterpen. Se wurde trije kear yn it jier loslitten yn it ekologyske parkje yn de wyk. Minsken fan 'e grienfoarsjenning kinne dêr net bykomme.

It is foar it earst yn it Noarden dat skiep de natuer byhâlde yn in stêd. It giet earst om in proef mei ien kudde. In herder en skiepshûnen sille de bisten yn de gaten hâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)