Keatsfjild Tsjom beboud

07 mrt 2006 - 10:15

Wenningstichting Noordwest-Friesland mei wenten bouwe op de keatsfjilden fan Tsjom. Dat is de útkomst fan in ûndersyk dat de wenningstifting, de gemeente Frjentsjerteradiel en doarpsbelang Tsjom dien ha. Hoefolle huzen presys boud wurde, is net bekend.

De huzen wurde net al te djoer. Se moatte de jongerein yn it doarp hâlde. As gefolch fan it plan moatte de keatsfjilden ferhúzje. Dy komme mei de nije tennisclub by de fuotbalferiening.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)