Offalferwurkers nei rjochter

© Omrop Fryslân
De ôffalferwurkers Van Gansewinkel en Sita tsjinje by de Europeeske Kommisje in klacht yn tsjin de gemeente Ljouwert. De gemeente soe oan net tastiene oerheidsstipe dwaan, troch it ynsammeljen fan húshâldlik ôffal te gunnen oan Omrin. Dat is in bedriuw mei de Fryske gemeenten as oandielhâlders.
Van Gansewinkel en Sita fine dat der sprake is fan ûnearlike konkurrinsje. Sy drigen al earder mei juridyske stappen.