Aksje foar minder ôffal

07 mrt 2006 - 10:12

De Muzykbuert, de Transvaalwyk en de Fûgelbuert yn Ljouwert binne moandei in weddenskip oangien mei de gemeente. As se 12.500 kilo minder ôffal produsearje, krije se in beleanning fan 12.500 euro. Yn in supermerk joech wethâlder Hetty Hafkamp it startskot.

Doel fan de aksje is dat minsken minder produkten en ferpakkingsguod weismite. In eardere, lyksoartige aksje wie in súkses. De aksje duorret oant ein novimber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)