Moarnsbrochje foar Snitsers

06 mrt 2006 - 23:47

Der is hast gjin Snitser dy't in riedslid by namme kin en dat wylst de riedsferkiezings flak foar de doar stean. In enkête, hâlden ûnder hûnderten minsken, hat dat útwiisd.

Troch in groep Snitsers oanskowe te litten oan in moarnsbrochje, besocht polityk Snits de kleau mei de minsken lytser te meitsjen. Sneontemoarn wiene minsken út it ûnderwiis te gast. It boargerjierferslach dat foarige wike útkaam, is sneon bepraat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)