Foarronde Kunstbende yn Lawei

06 mrt 2006 - 10:54

'Zootje ongeregeld' hat yn de kategory teater de Fryske foarronde fan de Kunstbende wûn. Dy waard sneontejûn holden yn de Lawei yn Drachten. 300 Jongeren fan 13 oant en mei 18 jier striden yn sân ferskate kategoryen om it earste plak. Tema wie 'ekstreem'.

Yn de kategory dûns wie 'Extreme Battle' de winner. Yn de kategory muzyk wie dat de groep '501'. De winners sille Fryslân fertsjintwurdigje yn de Kunstbende-finale, 3 juny yn Utrecht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)