Dieverij op feestje yn Ljouwert

06 mrt 2006 - 10:18

Fiif ynwenners fan Ljouwert binne sneintemoarn oanholden troch de plysje fanwege dieverij. Se hiene in feestje yn in wenning oan de Weerd. Dêr bleaune in soad feestgongers sliepen.

De fiif manlju tusken de 19 en 42 jier ha stikem in pear jassen en oare eigendommen fan de gasten meinommen. De 30-jierrige bewenner gong achter de dieven oan en koe noch in pear jassen ôfpakke. De plysje waard gau belle en pakte de fiif fertochten op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)