Nijenhuis fyfde op 1500 meter

© Omrop Fryslân
Chad Hedrick hat snein by de wrâldbekerfinale op It Hearrenfean de 1500 meter wûn. De Amerikaan, dy't ek it wrâldbekerklassemint op syn namme skreau, kaam yn Thialf ta in tiid fan 1.45,48.
Shani Davis waard twad yn 1.46,11 en Enrico Fabris út Itaalje waard tred yn 1.46,35. Beorn Nijenhuis fan It Hearrenfean waard fyfde yn in tiid fan 1.46,65. Simon Kuipers hie him ôfmeld fanwege sykte.