Lêste ôfstân Barbara de Loor

06 mrt 2006 - 09:27

Barbara de Loor fan It Hearrenfean is by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf fyfde wurden op de 1500 meter. Har tiid wie 1.57,64. Ireen Wüst wûn de 1500 meter yn 1.55,58. It wrâldbekerklassemint waard wûn troch Anni Friesinger.

Barbara de Loor hat mei dizze ôfstân har reedriderskarriêre ôfsletten. Sneon kaam se noch yn aksje op de 1000 meter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)