Oppakt foar harddrugs
De plysje hat sneintenacht twa ynwenners fan 43 jier út Ljouwert oanholden om't se harddrugs by har hiene. Se sieten yn de auto en waarden oanholden op de Pieter Stuyvesantwei.
Doe't plysjeminsken de beide manlju fûljearren, fûnen se seis boltsjes mei drugs. Boppedat riden se yn in ûnfersekere auto en stie der noch in ûnbetelle boete iepen.