Oanhâldings foar mishanneling

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintenacht yn Ljouwert trije minsken oanhâlden fanwege mishanneling. It giet om in 23-jierrige man dy't belutsen wie by in fjochtpartij yn de Doelesteech en in 25-jierrige man dy't him mei de oanhâlding bemuoide.
Eefkes letter pakte de plysje noch in Ljouwerter op. Hy hie in man op it Saailân in klap yn it gesicht jûn. It slachtoffer kaam op de grûn telâne en moast nei it sikehûs.