Súd-Koreaan wint 500 meter

05 mrt 2006 - 16:11

De Súd-Koreaan Kang-Seok hat snein yn Thialf op It Hearrenfean de wrâldbeker wûn op de 500 meter. Hy wûn de twadde WB-race yn in tiid fan 34,98 sekonden en helle sa Joey Cheek en Dmitri Dorofjev yn.

By de froulju wûn Svetlana Zjoerova de 500 meter. De Russyske klokte in tiid fan 38,01 sekonden. Dat is in baanrekord. Jenny Wolf út Dútslân waard twad. Sy wûn de wrâldbeker. Marianne Timmer waard tred op dizze ôfstân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)