Projekt 'Earst wurk' giet troch

05 mrt 2006 - 14:39

Fan de 206 wurkleazen dy't yn Súdwest-Fryslân meidien ha oan it projekt 'Earst wurk' ha der 96 betelle wurk krigen. Dat skriuwe B&W fan Littenseradiel yn antwurd op fragen út de gemeenteried.

It projekt is op 1 oktober fan 2004 út ein set. 74 Minsken fûnen al betelle wurk wylst se noch sollisitaasjetrening krigen. De rest krige in wurkûnderfiningsplak fan de gemeente. It projekt giet dit jier noch troch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)