Sande plak foar Beorn Nijenhuis

05 mrt 2006 - 12:16

Beorn Nijenhuis is sneon op in dield sande plak einige op de 1000 meter by de worldcup-wedstriden op Thialf. Nijenhuis ried de kilometer yn 1.09,84. Earste waard de Amerikaan Shani Davis yn in nij baanrekord fan 1.08,91.

Twadde waard Jan Bos yn 1.09,00 en tredde Jeremy Wotherspoon út Canada yn 1.09,34. Davis wie al wis fan de einsege yn it klassemint. Stefan Groothuis waard 5e, Gerard van Velde 9e en Remco Olde Heuvel 16e.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)