Fûgelmerk mei trochgean

05 mrt 2006 - 12:13

Folièreferiening Zanglust fan de Jouwer sil, ek al komt de fûgelgryp tichterby, in fûgelmerk organisearje. De organisaasje nimt wol ekstra maatregels by sporthal De Stuit, der't de sierfûgelmerk plakfine sil op 18 maart. Dêr sille 10.000 fûgels te sjen wêze.

It is de grutste fûgelmerk fan Fryslân en der komme al keren goed tûzen minsken op ôf. Oerdekte merken binne offisjeel wol tastien. Dochs hat de feriening der lang oer fergadere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)