Brouwers Grutste Dantumadielers

05 mrt 2006 - 12:07

Toby en Aukje Brouwer binne sneon útroppen as Grutste Dantumadielers fanwege it wurk dat se dogge foar de strjitbern yn Súd-Afrika. Sawat fyftjin jier lyn ferhuzen de Brouwers fan De Westerein nei Kaapstad om dêr weesbern mei aids op te fangen.

Dantumadeel '82 hie de ferkiezing organisearre. Griet Wiersma einige op it twadde plak en tred waard de legendaryske heidebewenner Salomon Levy. Der is 1100 kear stimd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)