Noch drokke ferkiezingskampanjes

© Omrop Fryslân
De politike partijen yn Fryslân hellen sneon foar it lêst alles út de kast om stimmen te winnen. Yn alle gemeenten waarden politike eveneminten hâlden. In soad partijen giene mei in lûdswein troch de doarpen. Oaren giene mei folders by de doarren del.
Yn Ljouwert wie it monumintale stedhûs iepen foar publyk. Dêr wie in politike merk dy't ôfsletten waard mei in listlûkersdebat, dat ek útstjoerd waard op de lokale radio en televyzje.