Verhagen: gjin weryndieling

© Omrop Fryslân
De CDA-fraksje yn de Twadde Keamer is tsjin in gemeentlike weryndieling yn Fryslân. Dat sei fraksjefoarsitter Maxime Verhagen freed by in besite oan de gemeente Ljouwerteradiel. Dy gemeente sil yn novimber in referindum hâlde oer weryndieling.
Yn Stiens sei Verhagen, dy't yn it ramt fan de ferkiezings troch Nederlân toerde, dat hy tsjin weryndieling is, om't minsken in gefoelsmjittige bân mei harren gemeente hawwe.