Meldpunt kandidaat-wethâlders

© Omrop Fryslân
Organisaasje-adviseur Anton de Boer fan Ljouwert komt mei in meldpunt foar kandidaatwethâlders. Mei in advertinsje yn de krante ropt hy gadingmakkers op har te melden as se tinke geskikt te wêzen. Nei de ferkiezings fan tiisdei sil De Boer de gemeentes yn kandidaten oanbiede.
De Boer wol it mooglik meitsje dat by sykte of it opstappen fan in wethâlder syn buro fuortendaliks in nije bestjoerder leverje kin.