Tsjinstanners Heak skriuwe brief

© Omrop Fryslân
De doarpsbelangen fan Marsum, Goutum, Ritsumasyl en twa buertferienings yn Ljouwert hawwe meiïnoar in reaksje skreaun oan de minister fan ferkear oer de Heak om Ljouwert. Sy fine dat der yn de plannen oant no ta te min rekken hâlden wurdt mei de belangen fan de bewenners fan de stêd en de doarpen.
As de dyk oanlein wurdt, giet der in rêstich greidegebiet ferlern. Ek binne de doarpsbelangen it net iens mei de rûte dy't no keazen is.