Nei 19 jier gjin Pluskrant mear

04 mrt 2006 - 10:39

Nei 19 jier hâldt de Pluskrant yn Smellingerlân der mei op. De redaksje fan de Pluskrant en de Friese Pers koene it net iens wurde oer de nije lay-out fan de âldereinside.

De freedsedysje fan de Drachtsterkrante wurdt op tabloidformaat útbrocht. Dat is de helte fan it gewoane deiblêdformaat. De redaksje fan de Pluskrante kin dêrtroch minder tekst kwyt. Boppedat moat der wurke wurde yn blokken tekst dy't al fêst lizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)