Pranjic net yn aksje tsjin PSV

04 mrt 2006 - 10:05

SC Hearrenfean moat it sneon yn de lestige útwedstriid tsjin listoanfierder PSV dwaan sûnder de middenfjilder Danijel Pranjic. Pranjic wie ôfrûne snein noch matchwinner foar Hearrenfean. Hy kin net meidwaan fanwege in blessuere oan syn skonk.

Linkerferdigener Jeroen Drost is noch in fraachteken. Drost is blessearre oan syn ljisk. As hy net op 'e tiid fit is, sil Gertjan Verbeek in berop dwaan op Fernando Derveld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)