NOS-stembus yn Poppenwier

© Omrop Fryslân
NOS TV-programma De Stembus komt freedtejûn út doarpshûs De Trilker yn Poppenwier wei. De útstjoering sil benammen gean oer de leefberens op it plattelân. In wichtich tema, sa fynt de NOS, want der binne yn Nederlân wol 1200 doarpen mei minder as 5000 ynwenners. Yn Poppenwier wenje 160 minsken.
Yn De Stembus komme ferskate listlûkers fan Boarnsterhim oan it wurd, lykas Lyda Veldstra fan 'e FNP.