Ekskuses fan betinker 'bomboek'

© Omrop Fryslân
Michiel Stavast, betinker fan it saneamde bomboek dat woansdei foar opskuor soarge yn Ljouwert, biedt syn ekskuses oan, oan elk dy't lêst hân hat fan syn aksje. It boek mei in bantsje en in koptillefoan wie in aksje foar poppoadium Iduna yn Drachten.
Stavast hie it boek yn de bus fan Drachten nei Ljouwert lizze litten om passazjiers derfoar te ynteressearjen. Mar it boek waard oansjoen foar in bom en de plysje waard ynskeakele.