Skylge krijt twa seegemalen

03 mrt 2006 - 14:46

Der wurde twa seegemalen boud op Skylge. Dy komme by Lies en Kinnum. Dat is nedich om foar te kommen dat de polders fan Skylge fol wetter rinne as it in soad reint. Dat barde yn 2000 en 2002. Doe moasten der pompen fan de fêste wâl komme. Dat duorre 3 dagen.

Wetterskip Fryslân wol noch mear dwaan. Sa moatte de dúnen op in pear plakken wieter makke wurde. De maatregels binne al bepraten mei de eilanner befolking. In klankboerdgroep is akkoart gongen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)