Spul oer sporthal Drachten

03 mrt 2006 - 14:28
Foto: Omrop Fryslân

De kuorbalferiening Drachten/Van der Wiel út Drachten sleept de gemeente Smellingerlân foar de rjochter om de bou fan syn sporthal troch te setten. De kuorbalferiening hat al jierren plannen foar in sporthal. Wethâlder Rozema hâldt dy tsjin, seit de klub.

De feriening hat in boufergunning, mar Rozema wol noch net it definitieve griene ljocht foar de bou jaan. Hy soe benaud wêze dat de gemeentlike sporthallen te min klanten krije.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)